Tastân ferwûne man krityk

09 jan 2009 - 09:23

Ien fan de twa wurknimmers fan Friesland Campina yn Ljouwert dy't tongersdei ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok is der slim oan ta.

De man is oerbrocht nei it UMCG yn Grins. It twadde slachtoffer waard opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert. De twa wienen dwaande mei reparaasjewurk oan ien fan de masines. Troch noch ûnbekend oarsaak kaam harren klean yn in draaiende as terjochte. Hoe't dat krekt koe wurdt noch ûndersocht troch de Arbeidsynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)