Tastân diken falt ta

25 des 2009 - 10:04
  • De treinen ride wer neffens tsjinstregeling

De glêdens smyt op earste krystdei - ôfsjoen fan in pear ûngelokken mei blikskea - net al te folle problemen op. Neffens de ANWB en de plysje is it sels tige rêstich op de dyk.

Rykswettersteat, provinsjale wettersteat en ek Omrin hawwe drok previntyf oan it struien west. Pleatslik kin it wol glêd wêze op lytse diken. It treinferkear hat net al te folle hinder fan it winterwaar. Alle treinen ride wer neffens de tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)