Tassen fol stellen koper

19 maaie 2014 - 11:30
  • Koper

In 49-jierrige koperdief út Ljouwert is sneintemiddei troch in befeiliger trappearre. De man woe koper stelle út in gebou oan de Achter de Hoven. De lêste tiid wie faker ynbrutsen yn it gebou. De eigener hie dêrom befeiliging ynhierd.

In befeiliger hearde snein lûden yn it gebou en seach de Ljouwerter mei tassenfol stellen guod derút kommen. De plysje hat proses-ferbaal tsjin de dief opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)