Taspraak keninginne Beatrix

28 jan 2013 - 17:19
  • Kenginne Beatrix

Keninginne Beatrix hâldt moandeitejûn om 19.00 oere in taspraak fanút har Paleis Huis ten Bosch. De taspraak wurdt live útstjoerd op radio en televyzje, ek by Omrop Fryslân. Oer de ynhâld fan de taspraak dy't moandei earder op de dei al opnommen is, wurde oant nei it momint fan útstjoeren gjin fierdere meidielings dien.

Keninginne Beatrix wurdt no tongersdei 75 jier âld. Der wurdt neffens de NOS dêrom rekken hâlden mei de mooglikheid dat de keninginne bekend meitsje sil wannear't se ôfstân docht fan de troan.

De taspraak wurdt ek publisearre op de website fan it Keninklik Hûs en it YouTube-kanaal fan it Keninklik Hûs. Gelyk nei de taspraak sil premier Mark Rutte reagearje fanút syn wurkkeamer op it Binnenhof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)