Taske Vaatstra smyt neat op

26 apr 2007 - 17:31

It ûndersyk nei it taske fan Marianne Vaatstra hat neat opsmiten. It Nederlands Forensisch Instituut hat de spoaren op de tas ûndersocht. Dêr kamen gjin brûkbere oanwizings út. Earder waard it taske fan it fermoarde famke ûndersocht troch oare saakkundigen. Sy fûnen DNA dat net fan Marianne wie.

It taske lei tichtby Marianne yn it lân by Feankleaster. Vaatstra waard dêr yn 1999 om it libben brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)