Taske Vaatstra net ûndersocht

18 des 2006 - 12:53

It taske fan Marianne_Vaatstra neist har stoflik omskot is net ûndersocht op dna-spoaren. It Iepenbier Ministearje erkent dat it taske weromjûn is oan de famylje, sûnder dat goed socht is nei spoaren.

Marianne_Vaatstra waard op Keninginnedei 1999 fermoarde by Feankleaster. De Telegraaf meldt dat út ûndersyk fan dna-spesjalist Eikelenboom bliken docht dat it famke mei har rêchtaske smoard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)