Tas út rollator stellen

16 nov 2011 - 11:54

In frou (88) is tiisdei op De Jouwer fan har tas berôve. Se rûn om in oere as 10 fia de Sluisdijk mei har rollator nei it sintrum.

De tas siet yn it kuorke foarop de rollator, doe't de bestjoerder fan in foarbyridende scooter de tas pakte en hurd fuortried. De plysje is op syk nei de bestjoerder. Minsken dy't mear witte, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)