Tarvajärvi nei Switserlân

09 feb 2009 - 16:08

Fuotballer Niklas_Tarvajärvi giet nei Xamax_Neuchâtel. De spits fan de Sportklup Hearrenfean waard dit seizoen ferhierd oan Vitesse, mar kaam yn Arnhem amper oan spyljen ta. In seizoen earder wie er ferhierd oan De Graafschap.

Tarvajärvi tekent yn Switserlân in kontrakt foar twa en in heal jier. De oanfaller dy´t yn de simmer fan 2005 nei Fryslân kaam, stie noch oant 2011 ûnder kontrakt by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)