"Tarre moat út asfalt"

17 jan 2010 - 09:27
  • Asfalt mei tarre is kankerferwekkend

De provinsje moat foarkomme dat asfalt mei tarre deryn nei it bûtenlân eksportearre wurdt. Dat fynt de SP yn provinsjale steaten. Koartlyn giene ferhalen dat asfalt mei tarre deryn dat kankerferwekkend is, nei it bûtenlân brocht wurdt. Ferwurkers moatte it asfalt no ferplichte termysk skjinmeitsje. Mar troch in maas yn de wet kinne se it smoarge guod folle goedkeaper nei it bûtenlân krije.

Neffens de SP rinne minsken yn it bûtenlân it risiko slim siik te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)