Tariven Vitens net omheech

17 des 2009 - 19:56
  • Vitens ferheget de tariven net

Drinkwetterbedriuw Vitens hâldt kommend jier de tariven foar hûshâldens gelyk. It giet om in jierbedrach fan trochinoar 136 euro. De tariven binne tongersdei fêststeld troch de gemeenten en provinsjes dy't oandielen ha yn it wetterbedriuw as ûnderdiel fan de begrutting foar 2010.

Vitens wol in soad jild stekke yn it duorsumer meitsjen fan de produksjeprosessen. Sa wol it bedriuw de útstjit fan broeikasgassen bot ferminderje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)