Tariven psychologysk ûndersyk

10 nov 2002 - 00:00

De gemeente Gaasterlân-Sleat wol ûndersykje oft it psychologysk ûndersyk fan learlingen op de basisskoalle ek goedkeaper kin. Foar dit jier wol de gemeente der noch ekstra jild foar útlûke.

Dat komt omdat it GCO, it mienskiplik sintrum foar ûnderwiisbegelieding, de tariven ferhege hat. De fraach nei psychologysk ûndersyk nimt ta. It ûndersyk wurdt bygelyks dien om te sjen oft bern nei in spesjale skoalle moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)