Tarissing Aldehaske primeur 'Building Learning Power School'

21 aug 2015 - 15:17
  • Underwiis

Basisskoalle De Tarissing út Aldehaske hat freed as earste skoalle yn Nederlân it predikaat 'Building Learning Power School' krigen. Se binne dêr al fjouwer jier dwaande mei dit ûnderwiiskonsept. Doel is dat de bern sels mear rezjy krije oer it learen. Troch it trainen fan bygelyks trochsettingsfermogen, better neitinke oer it eigen learen en fernimstigens.

Tsien jier lyn is dit konsept oerwaaid út Ingelân. It wurdt dêr al op mear as hûndert skoallen brûkt: sawol yn it basis- as fuortset ûnderwiis. Ek yn ús lân nimt de belangstelling ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)