Tariedings foar besite Beatrix

22 aug 2003 - 00:00

Noardeast-Fryslân is drok dwaande mei de tariedings foar de besite fan keninginne Beatrix. De keningin komt woansdei yn fjouwer gemeenten mei in sosjale efterstân: Achtkarspelen, Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân.

De besite hat in breed programma, fan basisskoallen oant pleatsen. Mar foar it safier is, moat der noch wol wat barre. En dat betsjut skrobje, fervje en oefenje. Fansels wurdt der woansdei ek in soad 'Beatrixtoerisme' ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)