Tariedings foar 159e PC

31 jul 2012 - 13:43

De tariedings fan de keatswedstriid fan it jier binne hast allegear dien. Moarn wurdt foar de 159e kear de PC yn Frjentsjer hâlden. Tsientallen minsken hawwe hjoed dwaande west om alles op te bouwen en skjin te meitsjen. Om trije oere wiene hast alle wurksumheden klear.

Húsmaster Joop van der Veen seit dat dat komt troch it strakke skema. Fierders wurdt der ek hieltyd lichter materiaal brûkt foar bygelyks de bankjes. Dêrtroch is it makliker om alles op te bouwen.

It wurdt moarn moai simmerwaar mei temperatueren om de 25 graden hinne. Moarntejûn kinne der rein- en tongerbuien foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)