Tariedings Down South oanpast

25 aug 2010 - 21:33

De tariedings fan it stik Down South fan Tryater bûten by de Súdlannen gean oanpast oan it wiete waar gewoan troch. Parten fan it dekôr ha wol te lijen hân fan it betiden strieminne waar. De klaaihúskes moasten reparearre wurde omdat der troch de rein klaai ôfspield wie. De húskes wurde no beskerme mei doek.

De repetysjes binne foar in part ferpleatst nei plakken dêr't it wat droeger is en guon spilers hawwe learzens oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)