Tariedings domino-dei begûn

07 sep 2004 - 17:36

Yn it FEC yn Ljouwert binne tiisdei de Nederlânske kandidaten selektearre dy't foar domino-dei de dominohoutsjes delsette moatte. Op 12 novimber wurdt der wer in rekordpoging dien. De kandidaten wurde test op har teamgefoel en moatte boppedat in fêste hân hawwe. Der ha har 200 dominobouwers oanmelden, wylst der mar plak is foar alve.

De organisaasje ferwachtet dat 50 oant 80 miljoen minsken it dominospektakel op televyzje folgje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)