Tarieding ritten foar Alliade

29 aug 2014 - 15:32
  • Taksy

Sjauffeurs fan taksyferfierder Klomp besykje sneon al yn 'e kunde te kommen mei de klanten en de rûtes dy't sy ride moatte foar soarchgroep Alliade. Dat seit wurdfierder Gerard Akkerman fan Alliade. Klomp wûn de oanbesteging foar it taksyferfier by de soarchgroep dêr't ek Talant ûnder falt.

Moandei is de earste wurkdei. It sil foar de gebrûkers wol efkes wennen wêze as de fertroude sjauffeurs fan de taksybedriuwen Witteveen en Oenema net foar de doar steane.

Neffens Akkerman wie it de bedoeling om de besteande sjauffeurs safolle mooglik oer te nimmen, mar dat is net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)