Taptoe Ljouwert wint priis

23 feb 2014 - 11:02
  • Taptoe Ljouwert bêste fan 2013

De 40ste edysje fan de Taptoe Ljouwert is op de website Korpsmuziek.nl keazen ta bêste taptoe fan 2013. Op de site waarden hast 5000 stimmen útbrocht, troch muzikanten, taptoebesikers en muzykleafhawwers. Ljouwert krige 31 persint fan de stimmen.

Grins waard twadde en Den Bosch einige op it tredde plak. De taptoe fan Ljouwert waard ferline jier hâlden op 5 oktober. Doe kamen der 5000 minsken op ôf. Der binne plannen om de organisaasje dit jier wat te feroarjen. Der moat in evenemint komme fan trije dagen, mei sang, dûns en muzyk.

De taptoe wurdt dêr dan in ûnderdiel fan. De bokaal dy't by it earste plak fan de Ljouwert taptoe heard, wurdt meikoarten útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)