Taptoe Harkema giet net troch

12 feb 2008 - 11:13

De Taptoe op 'e Harkema giet dit jier oer. It bestjoer hat in man minder om't ien fan 'e bestjoersleden út 'e rûlaasje is. Hy is ferwûne rekke nei't er mei de fyts fallen is. De oare fiif bestjoersleden kinne syn wurksumheden der net by dwaan. Dêrom is besluten de Taptoe oergean te litten.

It evenemint soe wêze op 21 juny. It programma wie foar in grut part regele. De bands komme no takom jier juny nei De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)