Tapir yn Aqua Zoo

20 jul 2009 - 10:07
  • De tapir yn syn nije ferbliuw

Aqua_Zoo Fryslân yn Ljouwert hat in nije attraksje. Sûnt dizze wike is dêr in Súd-Amerikaanske tapir te sjen. Foar de fjouwer jier âlde tapir is in nij ferbliuw makke mei in soad wetter derby.

De tapir is in sûchdier mei in lange snút, dy´t as finger brûkt wurdt om iten op te pakken. De tapir hat de namme Henk krigen. Aqua_Zoo is it tredde park yn Nederlân dy´t it bedrige bist hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)