Tankweinen mei bluswetter

03 feb 2010 - 15:40
  • Bluswetter soms dreech te krijen

By grutte brannen yn it Fryske bûtengebiet wurde tenei ekstra grutte tankweinen ynset, dy't yn pendeltsjinst foldwaande bluswetter oanfiere moatte. De brânwacht hat dêrta besletten nei oanlieding fan in brân ferline jier desimber yn Pepergea, wêrby't in wenbuorkerij folslein ôfbaarnde.

De brânwacht hie doe net genôch bluswetter ta syn foldwaan om't it wetterliedingnet dêrfoar net tarikkend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)