Tankwein yn kanaal

27 sep 2004 - 11:46

In tankwein-kombinaasje is sneontejûn yn Strobos kantele en yn it Van Starkenborghkanaal terjochte kaam. Dat barde doe't de sjauffeur mei de tsjillen yn de sachte berm rekke. Yn de wein siet 35 ton waai.

Foar safier bekend is de lading net út de tank streamd. Ut foarsoarch hat de brânwacht fan Burgum wol skermen yn it wetter pleatst om foar de kommen dat de waai him fersprate. De sjauffeur wie net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)