Tankstasjon yn Snits oerfallen

21 okt 2008 - 10:10

Yn Snits is moandei in tankstasjon oan de Goeman Borgesiusleane oerfallen. Der wie mar ien meiwurkster oanwêzich doe't de man it stasjon ynkaam. Hy bedrige de frou mei in mes en dy die doe de kassa iepen. De man is mei de ynhâld fuortdraafd. De plysje is fuortendaliks begûn te sykjen, mar koe de fertochte net oanhâlde.

It giet om in blanke man tusken de 25 en 35 jier. Hy droech in grize joggingtrui, swarte broek en donkere skuon. De plysje freget tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)