Tankopslach net mear ûnfeilich

13 mrt 2012 - 20:57
  • SWF

It bedriuw Noord-Nederlandse Tankopslag Sneek hat de saken op oarder. Nei de grutte brân by Chemiepack yn Moerdijk liet steatssiktaris Atsma ûndersyk dwaan nei alle bedriuwen dy't mei gefaarlike stoffen wurkje. Dêrút kaam NNTO nei foaren as ien fan de bedriuwen yn Nederlân dy't him net oan feilichheidsregels hâldt. NNTO is in gruthannel yn oalje en benzine en slacht 4 miljoen liter diseloalje op. It bedriuw hâlde him earder net oan feilichheidsfoarskriften en wie net goed befeilige, mar foldocht neffens de gemeente no wol oan de fergunning.

It bedriuw hat op alle tanks dûbele befeiliging pleatst, de tanks en liedingen binne op 'e nij konservearre en ek de blusynstallaasjes binne test troch in spesjaal bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)