'Tankers gefaar foar toerisme'

19 okt 2005 - 11:59

Russyske oaljetankers bringe It Amelân yn gefaar, sei boargemaster Verhoeven fan it eilân. In oaljeramp betsjut de ein fan it toerisme, warskôget er. Verhoeven spruts op in gearkomste op de Shetlâneilannen by Ingelân foar leden fan de KIMO, in ynternasjonale feriening foar miljeu en feilichheid.

Der farre hieltyd mear tankers boppe de waadeilannen op wei nei Rotterdam. Yn in pear jier tiid is it tal skippen ferdûbele nei trijehûndert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)