Tanker yn problemen op Noardsee

22 sep 2002 - 00:00

In Dútse tanker mei paraffine is sneontenacht yn swirrichheden komen op 20 kilometer benoarden Skiermûntseach. De bemanning sloech alarm doe't de masinekeamer fol wetter stie.

De 'Kening Willem I' fan Skiermûntseach naam diel oan de reddingsaksje. Fjouwer fan de fiif bemanningsleden waarden fan board helle. It skip is ûnderwilens nei in Dútse haven sleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)