Tanker klem yn Snits

17 jul 2010 - 08:44
  • (foto: Omrop Fryslân)
  • (foto: Omrop Fryslân)

In 80 meter lang tankskip is sneontemoarn betiid klem kommen te sitten yn it sintrum fan Snits. De tanker hie de ferkearde ôfslach naam en is net it PM-kanaal folge, mar hat de Houkesleat de stêd yn naam. Dêr hat it in hierjacht ramd en is by de Oppenhústerbrêge opfearn.

Der rekke gjin ien ferwûne. De brêge rekke swier skansearre, mar kin noch wol betsjinne wurde. It skip is achterút de Houkesleat út lutsen en nei Twellegea sleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)