Tankbouwer Nirota yn Snits fallyt

24 nov 2015 - 21:26

It Snitser tankboubedriuw Nirota is fallyt. De sechstich wurknimmers fan it bedriuw binne tiisdei nei hûs stjoerd fanwegen it fallisemint. It is noch net bekend oft in trochstart mooglik is, seit de kurator.

Nirota waard oprjochte yn 1962. It bedriuw bout rustfrijstielen tanks yn alle soarten en maten. Nei alle gedachten krije de wurknimmers tongersdei harren ûntslach oansein. Oer de reden fan it fallisemint wurdt de kommende dagen mear bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)