Tanimmend ferset tsjin nij wellness-sintrum op It Amelân

14 mrt 2016 - 12:44
  • Ympresje fan it wellness-sintrum

De nijbouplannen fan hoareka-ûndernimmer Harry Westers op It Amelân moatte net trochgean. Dat fynt in nije aksjegroep op it eilân. De groep ropt alle Amelanners op om woansdeitejûn by in ynformaasjegearkomste massaal te protestearjen tsjin de komst fan it wellness-sintrum yn Nes.

Harry Westers presintearre it plan al earder as baas fan de Westcordhotels, mar doe wie de gemeente It Amelân net ienriedich. De aksjegroep is it net iens mei arguminten as dat de nijbou goed wêze soe foar it toerisme en de wurkgelegenheid op It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)