Tangerine iepenet nije flakke-flierseal fan De Lawei

16 apr 2015 - 23:31
  • Tangerine knipt lint troch by de iepening

Teater De Lawei yn Drachten hat tongersdeitejûn de nije tredde seal mei in flakke flier en ferpleatsbere tribunes yn gebrûk naam. In wichtich momint omdat de plannen foar de ferbouwing yn 1998 ûntstienen troch de winsk foar sa'n seal, seit direkteur Stef Avezaat.

It duo Tangerine fersoarge it earste optreden foar in útferkochte seal. Avezaat ferwachtet dat alle ferbouwings oan it teater oer twa of trije wike klear binne. De offisjele iepening stiet foar 23 maaie op it programma.

De ferbouwing wurdt útfierd troch boubedriuw Friso, dat it projekt oernaam hat fan boubedriuw Van Norel. De Lawei en Van Norel stean noch foar de rjochter oer in eventuele skeaclaim. Dy saak kin noch wol in jier duorje, seit Avezaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)