Taname tal útstjoerbanen

01 jul 2004 - 09:31

De Fryske ekonomy liket him te herstellen fan de resesje. Alteast, as je sjogge nei de taname fan it tal útstjoerbanen. Neffens ekonomen is it in goed teken wannear't bedriuwen wer mear útstjoerkrêften ynhiere: der komt wer mear wurk en wurkjouwers krije wer betrouwen yn de ekonomy.

By Randstad, de grutste útstjoerorganisaasje yn Fryslân, is it tal útstjoerbanen de lêste moannen mei sa'n 10 persint tanaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)