Taname oantal auto-ûngelokken op de Ofslútdyk

15 sep 2015 - 15:34
  • Helptsjinsten by deadlik ûngelok op Ofslútdyk

Rykswettersteat sil ûndersyk dwaan nei it tal ûngemakken op de Ofslútdyk. Op de A7 tusken Breesândyk nei Koarnwertersân binne dit jier al fiif oanridings mei letsel west. Moandei fûn der op de Ofslútdyk in deadlik ûngemak plak.

Rûnom Breesândyk fûnen 17 oanridings mei blikskea plak, by Koarnwertersân wienen dat fiif. Neffens de plysje is dat mear as oare jierren. Rykswettersteat meldt dat it sekuer monitoarje sil hoe't it kin dat der mear ûngelokken plakfine.

Dit jier wienen der al 23 deadlike ûngemakken op de Fryske diken, yn 2014 wienen dat oer in folslein jier 24.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)