"Taname fan it oantal grutte melkfeehâlders is foarby"

22 des 2015 - 19:25
  • Melke

De taname fan grutte boerebedriuwen mei mear as 250 kij is foarby. Dit seit Harm Wiegersma, foarsitter fan boerefakbûn NMV. De strangere lanlike regels foar bygelyks fosfaatrjochten, soargje derfoar dat feesteapels lytser wurde en bedriuwen hast net mear útwreidzje kinne.

Ein jannewaris komt steatssekretaris Martijn van Dam mei nije foarstellen oer de fosfaatregels en sil dan ek op 'e nij mei de boeren om tafel.

Op dit stuit produsearret de melkfeehâlderij 3 oant 6 miljoen fosfaat tefolle. Tiisdei waard bekend dat it tal grutte boerebedriuwen it ôfrûne jier bot tanommen is, wylst der hieltyd minder plak is foar lytse feeboeren. Dizze ûntwikkeling kin dus net trochsette, neffens Wiegersma. "It sil dreech wurde. Der sille ek boeren wêze dy't sa net iens fierder kinne mei harren bedriuw."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)