Taname agraryske útstjoerkrêften

03 sep 2003 - 00:00

Strangere regeljouwing by it oannimmen fan fêst personiel makket dat de agraryske sektor hieltyd faker útstjoerkrêften ynhiert. Dat docht bliken út it jierferslach fan AB Job Service yn Wurdum, in útstjoerburo foar agrarysk personiel.

Ferline jier liende it buro fjouwer prosint mear minsken út as yn 2001. De útstjoerkrêften bliuwe foar hieltyd langere tiid by in bedriuw en wurde benammen út it bûtenlân helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)