Tameling: Waadferiening opdoeke

07 jan 2005 - 14:45

De Waadferiening kin it bêste opdoekt wurde. Dat seit âld-direkteur Tameling fan de Waadferiening. Tameling seit dat de Waadferiening net mear by steat is om de minsken te berikken. Boppedat soe de feriening tefolle mei in juridyske striid oan de gong wêze.

Tameling is der ek min oer te sprekken dat de Waadferiening net prate wol oer gaswinning. Hans Revier, de hjoeddeiske direkteur, wol net reagearje op de útlittings fan Tameling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)