Tallship yn needwaar

25 aug 2010 - 09:39
  • Op guon plakken wiene der weagen fan 4 meter (foto KNRM)

Op de Noardsee is tiisdei in tallship yn de problemen rekke troch needwaar. Boppe Flylân kaam de trijemastklipper Elisabeth yn in swiere stoarm telâne.

De wyn dreau it skip nei leger wâl. It drige fêst te rinnen. Meardere seilen fan de klipper wiene skuord troch de wyn. De KNRM stjoerde trije rêdingsboaten op de Elisabeth ôf. Doe't dy oankamen, wie it slimste needwaar oerwaaid en koe it skip op eigen krêft trochfarre. Der wienen 50 minsken oan board.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)