Tall ship iepen foar publyk

19 jul 2012 - 07:40
  • Statsraad Lehmkuhl

Harns hat der nije wike tydlik in toeristyske attraksje by. It hast 100 meter lange Noarske tall ship Statsraad Lehmkuhl docht dan de stêd oan, as foarpriuwke fan de tall ship races dy't yn 2014 fanút de stêd hâlden wurde.

It Noarske skip fiert by de race syn 100-jierrich bestean. It skip komt tiisdeitemiddei oan yn de yndustryhaven en is woansdei tusken ienen en trijen tagonklik foar publyk. Dyselde dei ferlit it ek wer de haven fan Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)