Talintklasse itensiede en betsjinje Friese Poort begjint

03 sep 2015 - 15:55
  • Jan Smink demonstrearret ien fan de talinten hoe't je eineboarst tameitsje

Fryslân hat grutte talinten as it giet om itensiede en betsjinje. Krekt foar dizze learlingen begjint de Friese Poort freed mei in spesiale oplieding. It giet om in talinteklas mei tweintich studinten dy't hoopje op bekendheid en in grutte karriêre. Talint Joël van der Heide hat as ambysje om likegoed te wurden as topkok Jan Smink. Tongersdei learde Van der Heide fan Smink hoe't hy eineboarst tameitsje moat.

Yn de talinteklasse wurde tsien studinten oplaad ta kok en tsien krije in oplieding yn de betsjinning.

De learlingen binne talitten ta de talinteklasse fanwege harren ynset en motivaasje. De restaurants dy't meiwurkje, binne wiis mei de takomstige toppers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)