Talintejacht foar Littenseradiel

14 sep 2003 - 00:00

Yn it multyfunksjonele sintrum Wjukken yn Mantgum wurdt begjin 2004 de talintejacht HOX 2004 organisearre foar ynwenners fan Littenseradiel yn de leeftydskategory 16 o/m 25 jier.

Der wurde talinten socht dy't goed binne yn dûns, muzyk/sjongen, kabaret of foardracht. Ien act mei net langer duorje as fjouwer minuten. De earste seleksje is op 24 jannewaris. De finale is is op 31 jannewaris. Ynformaasje is te krijen op nûmer 058-2501704.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)