Talint socht foar Aaipop 2010

04 okt 2009 - 13:34
  • Sephyros op in eardere edysje fan Aaipop

Stifting Aaipop is al wer drokte dwaande mei de organisaasje fan it Aaipop-festival fan takom jier. It hiele jier troch is it bestjoer op syk nei nij Frysk talint. Twa kear yn it jier jout de stifting nije bands of artysten de kân op poadium-ûnderfining op te dwaan mei 'Aaipop der op út'.

Dêrmei kin in plak op it Aaipop-festival ferstjinne wurde, op peaskemoandei 2010 yn Nijlân. De fjirde edysje fynt plak op 20 novimber yn Dokkum yn Teater Dok 18.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)