Taledei op CSG Liudger yn Waskemar

30 apr 2015 - 08:39
  • Europeeske flaggen

It CSG Liudger yn Waskemar hat tongersdei in taledei. De skoalle wol bern kennis meitsje litte mei net allinne Frysk, mar ek Frânsk, Dútsk en Ingelsk. Dat dogge se troch spultsjes út oare lannen te dwaan en ynternasjonale gerjochten te sieden.

Sa kinne de bern in potsje rugby of jeu de pelote spylje of cupcakes bakke. De ôfrûne jierren wie de taaldei allinne mar foar it Frysk, mei spultsjes as fierljeppen en keatsen. It is foar it earst dat ek oare talen omtinken krije op de taledei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)