Talant yn swier waar

18 okt 2003 - 00:00

It giet net goed mei Talant. Dy organisaasje fersoarget minsken mei in ferstanlik handikap yn ûnder mear Maartenswouden yn Drachten en Borneroord yn Beetstersweach.

Foar takom jier hâldt Talant rekken mei in tekoart fan 1,7 miljoen euro. Dat is ûntstien troch útwreiding fan de organisaasje. Foar it kommend jier binne tal fan besunigings oankundige. Der wurkje 4000 minsken by Talant. Der wurde earst gjin nije minsken oannaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)