Talant wol meidwaan yn Wommels

01 mrt 2006 - 23:05

Soarchynstelling Talant wol graach meidwaan oan projekten yn de nij te bouwen Brede Skoalle yn Wommels. Yn de Brede Skoalle komt neist in skoalle ek it swimbad De Klomp.

Talant tinkt dat kliïnten sawol yn de skoalle as yn it swimbad deibestegings-aktiviteiten útfiere kinne. Benammen foar de yntegraasje fan de kliïnten soe de gearwurking ideaal wêze. De kliïnten soene bygelyks skjinmak- of kopiearputsjes dwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)