Talant-minsken himmelje bussen

24 jan 2012 - 12:36
  • Connexxion

Kliïnten fan Talant sille tenei yn Ljouwert de bussen fan Connexxion skjin hâlde. Se meie de bussen ûnder in pitstop skjinmeitsje. Yn earste ynstaansje giet it om trije minsken, letter wurde dat seis.

Dy aktiviteit is opset troch Connexxion om minsken mei in ferstanlike beheining in sinfolle deibesteging te jaan. Dat past yn de fisy fan it bedriuw. Connexxion is yn 2006 begûn mei it earste cleanteam yn Enschede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)