Talant komt mei traumateam

13 apr 2006 - 13:13

Soarchynstelling Talant komt mei in eigen provinsjaal traumateam. It team bestiet út 13 minsken en moat wurknimmers opfange dy't in ferfelende situaasje meimakke ha op it wurk.

Op it stuit wurdt dy opfang noch dien troch direkte kollega's, mar neffens Talant smiet dat net yn alle gefallen resultaat op. De ferwachting is dat it team tusken de 50 en 75 minsken yn it jier opfange moatte sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)