Talant hâldt jild oer

30 maaie 2005 - 14:28

De besunigings by soarchynstelling Talant ha yn 2004 effekt hân. Talant hat sels goed 300.000 euro oerhâlden. De soarchynstelling moast ferline jier oardel miljoen euro besunigje. Dat is dien troch tydlike arbeidskontrakten fan 80 meiwurkers net te ferlingen. Ek is der besparre op it ûnderhâld oan gebouwen.

Hoewol't it finansjeel wer wat better giet mei Talant, wurdt der ek dit jier noch kritysk sjoen nei de útjeften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)