Talant bynt pasjinten net fêst

21 jan 2011 - 16:01

Fan de 3600 pasjinten by soarchynstelling Talant binne der seis dy't in spesjale behanneling krije lykas Brandon. Grut ferskil is lykwols dat dy swier ferstanlik hendikepte minsken net fêstbûn wurde, mar ekstra begelieding krije.

Bylden fan in fêstbûne Brandon skokten dizze wike hiel Nederlân. Lanlik wurde noch in 40 swier ferstanlik hendikepte minsken sa behannele. By Talant is dy oanpak ûnfoarstelber. Dêr sette se leaver ekstra personiel op in pasjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)