Talant bout yn Beetstersweach

07 feb 2013 - 19:07

Talant stekt goed 20 miljoen euro yn de bou fan nije huzen foar minsken mei in beheining yn Beetstersweach. 168 kliïnten krije sa yn de kommende twa jier in nij plakje. De nijbou ferfangt de hjoeddeiske wenten yn de bosken om't dy net langer oan de easken fan dizze tiid foldogge. Sa sit der yn de âlde wenten net foar elkenien in eigen dûs en wc en yn de nije situaasje wol.

De nije wenten wurde sa boud dat it op in gewoane wenwyk liket. Letter folget ek noch in twadde faze fan nijbou, mar hoe't dy krekt stâl krijt is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)