Talant beleanne foar kwaliteit

06 nov 2008 - 20:26

De soarchynstelling Talant hat in kwaliteitssertifikaat krigen. Dat betsjut dat de ynstelling it wurk sa organisearre hat, dat it oan alle betingsten foldocht om de kliïnten goed fan tsjinst te wêzen.

De meiwurkers fan de organisaasje ha in plûmke krigen fan it ynstitút dat it karmerk takend hat. Se binne bot belutsen, entûsjast en kundich. Talant bliuwt dwaande om soarch goed te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)