Talant-apparteminten achter âlde gemeentehûs Kollum

22 apr 2015 - 15:32

Nei mear as tolve jier is der dúdlikheid oer de romte achter it âlde gemeentehûs yn Kollum. Der sille 29 apparteminten boud wurde foar Talant. Kollum is al sûnt 2003 yn gesprek mei wenningkorporaasje WoonFriesland, dat doe noch eigener wie. Talant woe dêr doe al graach apparteminten hawwe foar hendikepten, maar troch de krisis litte projektûntwikkelers it ôfwitte.

De gemeente is al begûn mei de sloop fan de gebouwen achter it gemeentehûs. Foar de Kollumers hâldt de gemeente op 29 april in ynformaasjejûn oer it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)